Wize lessen by Millennium-Loop

Sneon 5 septimber wurde minsken by Greonterp, Blauhûs en Wolsum ûnderweis ferrast mei ferskate siswizen.

It is in lytse greep út de samling fan rom 400 mei as titel Siedkerlen, skreaun troch de Blauh˙ster skilder-dichter Gerben Rypma (1878-1963). De dielnimmers oan de Millenniumloop en alle oaren dy't hjir dan delkomme, krije sa fergees libbens-wiisheid mei. De meast opfallende is wol 'Hy dwaalt net, dy't werom keare wol', it is net de bedoeling dat de dravers en fytsers dit al te letterlik nimme.


Ynformaasje