In slagge filmjûn

Sa'n 45 minsken, manlju en froulju koene tiisdei te jûn, 15 desimber, nochris genietsje fan it prachtige iepenloftspul "it deiboek fan in herdershûn." Bûtendoar stie it "tsjerkebestjoer" klear om de gasten oer de reade loper te begelieden nei de doar. De gasten waren wolkom jitten troch Gretha Galama en kapelaan Verheugd. De besikers krigen allerearst in bakje kofje oanbearn yn 'e voyér fan de seal.

Nei dat EVA foarsitter Marijke de jûn iepene hie fertelde Hartman Witteveen nochris oer hoe as it om en ta gien wie om it spul "op 'e planken" te krijen. Oer it winnen fan de gouden Gurbe en it meielkoar gearwurkjen fan de Blauhúster befolking.

Yn de filmseal hiene Jelmer en Candida van Delft de apparatuur klear stean foar in prachtich jûntsje "Herdershûn."

Yn 'e pauze in drankje yn 'e voyér en doe de 2e helft fan de dvd.

In slagge desimber jûn mei in protte herinneringen, humor, meilibjen en werkenning. En in slagge gearwurking tusken de 55 plus groep en de EVA fan Blauhús.