SAC sportdei

Op snein 10-01 hat de jierlikse SAC sportdei wer plak fûn te Warkum. Mei in soad wille is de dei wer goed ferrûn. Om kertier oer achten wiene de earste entûsjastellingen al presint yn de sporthal! Dochs begûn om njoggen oere it fuotbal pas.

Fuotbal

Om dizze tiid trapen fiif jeugdteams, twa damesteams en noch fiif senioren team ûf. By de jeugd wie FC Twente (Anneke Zeinstra, Jurgen Popma, Ditmer Oppedijk en Thomas Dooper) de oerdúdlike winnaar. As twadde eindige PSV (Marrit de Jong, Marije Frankena, Willem Kroon, Wessel de Wolff en Klaas vd Meer).

By de dames stiene mar twa team op papier. Sy hawwe fjouwer kear tsjin elkoar spile en de lêtste wedstriid wie beslissend. AZ (Marieke Popma, Fardau de Jong, Freya Witteveen, Mirthe Feld en Kira Dijkstra) wie mei ien goal ferskil de bettere.

By de senioren wie it ek spannend. Heracles (Johan Gerard Popma, John de Wolff, Domien Witteveen, Jan Dooper en Hidde Popma) moast op doelsaldo hun meardere erkenne oan PEC Zwolle (Bernard Kroon, Jelke Bootsma, Harm vd Meulen, Tsjitte Oppedijk en Jorrit de Boer)

Foljebal

De mini's ha lekker tsjin elkoar spile op twa fjilden.

By de jeugd wiene der trije teams, sy ha elk twa kear tsjin elkoar spile. Italië is as tredde eindiche. Nederlân en Ruslân hiene itselfde oantal punten. Toen is er sjoen nei de winst- en ferliespunten, mar dit wie ek gelyk. Toen is sjoen nei it ûnderlinge resultaat, wêrtroch Ruslân (Janna Kroon, Simme Dooper, Freya Witteveen, lútsen Brouwer, Thea Witteveen en Baukje Brouwer) úteinlik op it earste plak eindiche is.

By de senioren wie it ek spannend. 6 teams wiene der dy't allegear in kear tsjin elkoar spile ha. Mei 3 punten bin op it gedeelde lêste plak eindiche Punt út en BEO, op it fjirde plak is A.N.O. eindiche mei 6 punten. In gedeelde twadde plak foar COVOS en Stânfries (beide 9 punten) en as earste is eindiche oeverzwaluwen (Marcel v/d Molen, Richard Rypkema, Gerardus T.v.S., Maaike de Jager, Annemar Rypma en Jelke Bootsma) mei 12 punten!

Badminton

By it badminton gie it der fanatiek oan ta. Op fiif fjilden waard der spile foar de ear wa at sich de SAC sportdei badminton kening en keningin nimme mochten.

By de Dames waard Lonnie de Jong earste, as twadde einige Agnes Foekema en as tredde Irini Gaitanis. By de Mannen is it badminton wûn troch Richard vd Zee. Mei derachter Marcel vd Molen en John de Wolff.

Swimbad

De dei waard yn it Swimbad ôfslúten. Under it tasicht fan de stringe SAC badmeesters hat menich sporter noch efkes in kopke ûnder west.

Sporters, bedankt foar de slagge dei.

It SAC bestjoer