Krieltoaniel spilet: Moai fuort


Op sneon 16 april spilet it Krieltoaniel om acht oere jûns yn Kafee 'de Freonskip' foar elk dit selsbetochte stik. De tagong foar basisskoalbern is ien euro en trije euro foar elk dy't âlder is.
Ek dit jier ha de spilers fan it Krieltoaniel har fantasy de frije loop gean litten. De grutte ploech strykt fan't jier del yn in hotel oan de râne fan 'e bosk. In hotel fol nuvere gasten mei frjemde oanslaggen nêst in bosk mei sa mooglik noch frjemder populaasje.
Mis it net en sjoch wat de ploech fan't jier by elkoar ymprovisearret!

Graach oant sjen op 16 april, om acht oere yn de Freonskip.