Reve yn Greonterp betocht

Doe ’t Gerard Kornelis van het Reve yn Greonterp húsmanne (fan 1964-1971) hie er alris buorkundich makke dat er winske dat, nei ’t der in ein oan syn ierdske bistean kommen wie, syn jiske in plakje fine soe yn Greonterp.
Oant hjoed-de-dei, dat is Marije Himelfeart 2016 (15 augustus) is dat der net fan kommen. Op niisneamde simmerdei as de mieden noch nei ûngetiid rûke en boeren en leanwurkers rûnom drok dwaande binne om mei almeugend grutte masines de pakken rispe gers yn plestik te bewuoljen, rint tsjin fiven in moaie keppel minsken nei de majestueuze St. Vituskatedraal yn Blauhûs, ryksmonumint en skepping fan de master fan de neogotyk yn ús lân, Pierre Cuypers.
De measte lju – mar ek in inkelde tafallige passant slût oan by de ‘feestgongers’ - binne útnoege fan de organisaasje dy ’t op dizze Roomske feestdei betinke wol dat Gerard Reve, sa ’t er himsels letter neamde, 10 jier ferlyn op 8 april ferstoarn is. Al moai gau tilt de lytse kapel dêr ’t Marije har byld te finen is, op fan blommen, dy ’t de besikers, ûnder wa ús âld-komsaris fan de keninginne Hans Wiegel en wethâlder Durk Stoker fan de gemeente Sûd-West Frryslân, as presintsje foar de Faam Marije meinommen hawwe.

Hester Witteveen, âld-Blauhúster, Willem van Albada en Hendrik van Manen, de lêste beide partners fan Reve en better bekend as respektivelik Teigetje en Woelrat, lêze gedichten en (fragminten fan) ferhalen en brieven foar fan de folksskriuwer, dy ’t sa no en dan net alliinich yn Greonterp en Blauhús moude opwaaie liet. Sommige passaasjes bringe de lju yn de banken oan it gnizen of men sjocht se tomûk tsjin elkoar mûskopjen. Reve is en bliuwt in master as it giet om fyn ynleine koartswyl, irony, en kin ek skerp as in knyft út de hoeke komme.
Doe ’t er de P.C. Hooft-priis taskikt krige hie, skreau er de doetiidske minister fan Kultuer, dr. Marga Klompé, in brief weryn ’t er har tips joech foar de útrikking, mar ek frege hoe ’t bepaalde saken op dy dei ferrinne soene. Ek jout er prachtige stealtsjes fan selsspot en hjir en dêr fiele jo de jokte fan de brânnettel dêr ’t er de minister, de oerheit mei kidelt.
Hans Wiegel komt foar it buordsje mei ferhalen en anekdotes dy ’t er mei de literator belibbe hat. Hy komt ta beslút mei de suggestje dat it tiid wurdt dat de hjirboppe al oanhelle winsk fan de skriuwer om syn jiske yn Greonterp te ‘staljen’ noris ta werklikheid komme moatte soe. Wethâlder Stoker hat er der neitiid – de libbene wie no ommers by de deade - wis oer oan it baitsje lutsen…

Doe sette it selskip manmachtich nei it klokhûs fan Greonterp ta. Dêrre op it smûke, âlde hôf, foar de glêzen fan it foar in pear tûzen gûne troch Reve kochte hûs, dat de namme ‘Huize Het Gras’ taskikt krige, waarden op ’e nij gedichten, ferhalen, brieven (byg. oan Hanny Michaëlis, syn ex-frou en Jef Geraerts, auteur fan it romrofte ‘Gangreen’) fan de master foarlêzen.

Op dat stee kaam Reve yn 1964 te wenjen, earst mei Teigetje as partner en yn 1969 wurdt it in trio as Woelrat derby komt. Mar stadichoan benearet de lytse mienskip fan Greonterp en omkriten harren, sadat se yn 1975 it beslút nimme om te forfarren nei Veenendaal. De Greonterpster, de Fryske jierren, binne foargoed, o en foar altyd foarby. Mar ek wer net, alteast Teigetje en Woelrat kinne harren tiid yn Greonterp net ferjitte en hawwe neitiid harren oantinkens oan dat skoft yn foto’s en tekst yn it ljocht jown, ûnder de titel, it sil jin net fernuverje, Huize Het Gras.
En yn oparbeidzjen mei Hester Witteveen, de kastleinsdochter fan Blauhûs fan doe (Reve wist wol fan ynnimmen) organisearje se elk jier foar in beskate rûnte in middei fan memoarje. Sa bliuwt Reve – en Greonterp! - yn it kollektive omtinken en dat fertsjinje de literêre kwaliteiten fan syn gedichten en romans as ‘De Avonden’ en ‘Nader tot U’ (skreaun yn Greonterp!) en de brieven sûnder foarbehâld.
De namme ‘Huize it Gras’, ropt dan wol oantinkens op oan de fergonklikheid dy ’t ús allegearre – grut, lyts, earm en ryk, roomsk, protestant, koartsein der wurdt net ien oerslein – ea op it harspit krije sil, ommers: Gelijk het gras is ons kortstondig leven, mar Reve libbet noch altyd as in hart, dat die dizze middei wer bliken.
Ta beslút lûkt Hans Galema, doetiids buorman fan Reve en co. de lytse klok yn gong en nei ’t de lêste klokslach út it ieuwenâlde klokhûs weiwurden is oer de greiden rûnom, wurde de glêzen fold en klinkt it ‘santé’ oer it âlde hôf en wurdt nei it earste glês de stjûne nei kafee ‘de Freonskip’ yn Blauhûs rjochte.