Blauhúster skûtsje

Blauhús belibbet in primeur en sil foar it earst meidwaan oan de IFKS sylwedstryden fan 2017. Der is in Skûtsje útsocht wer't mei sylt wurde kin, en op sneon 19 augustus wurd dermei útein set.
Jappie de Jong, Yme Overwijk en Wypke Attema binne de gangmakers yn dit hiele barren. Se giene wol ris nei de Skûtsjesylwedstryden ta en belibben de hiele entourage en sfeer rûnom de striid fan de authentieke frachtskippen en seine tsjinelkoar: "wat soe dat mooi weze as we der ek ris mei Blauhús oan meidwaan koene".
Mei de Blauhúster Merke ha de mannen noch mear minsken hjirfan oeral makke, en der waard in "snuffelstage" op it Skûtsje fan de Gaastmar makke. Dernei wiene de mannen wis fan harren doel, dit moast oangean!
Bemanning gearstald, Skûtsje útsocht, wurkgroep makke die de omlizzende saken docht.
En hoe no fjirder... Ein maart, begjin april sil útein set wurde mei de trainingen die op tongersdei te jûn plak fine sil op de Brek en it Heegemermar.
Dit sil ek nedich weze der't net ien fan de bemanning echt befining hat mei it skûtsjesilen. Wol mei iepen sylboaten, mar net mei sokke frachtskippen. Dat is in neidiel, mar is tagelyk ek in great foardiel dat elkenien noch te stjoeren is, en zich bekwame kin op de handelingen die plak fine moatte. Derby wurde we bystien troch skippers en bemanningsleden fan oare skippen die harren oanbean ha.
Mei de wedstryden sil Sipke Westra as adviseur taheakke wurde. Dit is in ervaren skipper west yn de IFKS. We fare ûnder de flagge fan Blauhús en sille ek ús eigen (blauhúster) namme jaan oan dit Blauhúster Skûtsje ... suggesties binne wolkom.

Fansels is it fraach wurdich om ús hjirby te stiepjen, en die stiepe kin fan alles wêze, lykas it helpen mei en oan it skip, as advies jaan, as it meitsjen fan tenu, as in financiele stiepe. Wolle jo helpe as sitting nimme yn de wurkgroep, nim contact op mei ûndersteande.

De bemanning bestiet út:

Willem Iedema
Wypke Attema
Broer Attema
Richard Smeding
Jimte Bootsma
Dennis Landman
Teake Witteveen
Durk Ludema
Peter de Jong
Jappie de Jong
Hartman Witteveen
Yme Overwijk
Richard Rypkema
Oane Rypkema

Fansels kin hjir mear by, as reservelid kin ek...

Evert Zijlstra Wurkgroep Skûtsje
Leo Rypma Wurkgroep Skûtsje

We halde jo op de hichte...

Noflike feestdagen