Waarme desimber jûn

35 dames kamen ôf op de waarme desimber jûn yn 'e "Freonskip" op tiisdeitejûn 13 desimber. De organisaasje wie in gearwurking tusken de 55 plus groep en frouengroep EVA fan Blauhús. Twa Boalserter dames songen mei help fan in keyboard krystferskes yn ferskillende talen.

Krystferskes sjonge is aardich. Krystferskes sjonge en wylts útbielde is noch folle mooier. Dat die wol bliken doet m'n yn groepkes oan 'e slach mocht. 5 ferskes, in protte ferklaaiklean en begelieding fan it keyboard wiene de ingredienten foar 5 prachtige tonielstikjes.