Sportdei 2017

Fuotbal

Om tsien oere begûn de bal te rôljen foar de jongste jeugd. Der wiene fjouwer ploechjes fan trije makke en dizze spilen allegearre in kear tsjin inoar. Feyenoord (Ditmer Oppedijk, Jesse Draaier en Maaike Kroon) wie dúdlik in maatsje te grut foar de rest en waard kampioen. It twadde plakje wie foar Ajax (Willem Kroon, Mieke Witteveen en Jimte Oppedijk).
Der wie dit jier jammer genôch gjin Dames kategory. Wol wie der in beloften kategory wer de D-pupillen en B-junioren harren keunsten sjen litte koene. Der wiene fjouwer ploechjes fan trije wêrfan der hieltyd twa by inoar sieten sadat der seis tsjin seis spile wurde koe. Nei in spannende lêste wedstriid waard Heerenveen (Wouter Kroes, Bauke Rijpma en ynfaller Ditmer Oppedijk) kampioen. FC Groningen (Jitse Overwijk, Jurgen Popma en Thomas Dooper) waard twadde omdat sij mear goals foar hiene as PEC Zwolle.
By de senioaren wiene fiif teams en waard der nei de earste wedstriid al prottele oer de eigen kondysje. "Poehe, tsien minuten sûnder wissels, ik bin kapot". It bleau spannend ta de alderlêste wedstriid wer noch trije teams kampioen wurde koene. Heracles (Johan-Gerard Popma, Evert Terwisscha van S, Teake Witteveen, Kornelis Nieboer en Bouwe Overwijk) skeakele op it lêst noch efkes in tempootsje by wêrtroch sy oan it langste ein lutsen. Vitesse (Tjitte Oppedijk, Patrick Kuipers, Sybrand v/d Molen, Sybren Heins, Domien Witteveen en Mart Dooper) waard mei ien punt minder twadde.

Foljebal

It foljeballen begûn rûn 13 ûre. De mini's ha in pear leuke gemengde wedstriden spile en ha goed harren bêst dien. Bij de jeugd en senioren wiene der like folle spilers as foarich jier. Geweldich!
By de jeugd is der fanatyk spile. Der wiene 2 teams fan 6 spilers, en ien fan 7. Der koe dus in soad spile wurde. Eltsenien moest 2x tsjin elkoar. Nederlân (Femke Huitema, Klaas v/d meer, Jitse overwijk, Hedwig Witteveen, Amarins Popma en Lútsen brouwer) ha 1 wedstryd gelyk spile en komme dêrmei op in tredde plak. Italië (Freya Witteveen, Marjan v/d Zee, Bouwe Overwijk, Mieke Witteveen, Baukje Brouwer, Ridzert Rypkema en Jelke de Jager) ha de twadde plak behelle. Sij ha twa keer wûn, ien kear gelyk spile en in kear ferlen. De topper fan de dei wie dochs echt Ruslân (Jesca Kroon, Thea Witteveen, Marrit de Jong, Wouter Kroes, Reina Altena en Jildert v/d Meulen). Sij ha trij kear dik wûn en ien kear ferlen fan Italië. Tige slagge!
Bij de senioren wie it like spannend. Punt-út hat mei 0 punten de absolute poedelpriis fertsjinne. Op in 5de plak is einiche; Oeverzwaluwen, mei 1x winst en de rest ferlies. Op in dielde 3e plak binne einiche A.N.O. en BEO. Sij ha beide 3 wedstriden wûn. We ha noch efkes útrekkene wa de "echte" nummer 3 is troch nei de setpunten te sjen. Dêrmei hat A.N.O. mei 1 setpunt ferskil wûn fan BEO!
De nûmer 1 en 2 wie like spannend. Ek dizze punten wiene gelyk. Sawol Stânfries as COVOS ha 4 fan de 5 wedstriden wûn. Dêrom is ek sjoen nei de setpunten, wêrtroch de kampioen wurden is (Ek op 1 setpunt ferskil); Stânfries! (John de Wolff, Annemar rypma, Johannes Popma, Arjen Dooper, Harm v/d Meulen en Marieke Popma). Lokwinske. Mar Covos (Ditmer v/d Meulen, Patrick Kuipers, Sietie bruinsma, Nora Altena, Jimte Bootsma en Hidde Popma) ha ek seker hiel knap spile!

Badminton

Fan 15.30 oant 17 oere wie der noch badminton. Der wiene leuke teams makke mei jong en âld en der is leuk spile mei elkoar. De Winners binne:
  1. Ditmer v/d Meulen
  2. Richard v/d Zee
  3. Johan-Gerard Popma
Ek wiene der fansels froulje dy't meidiene, hjirfan is ek in top 3 makke:
  1. Marrit v/d Meer
  2. Baukje Brouwer
  3. Sigrid de Jong
We hope oar jier op wat mear badmintonners, want it is hartstikke leuk!

Swimbad

De dei waard foar in soad sporters ôfsluten yn it swimbad. "Meeeeeeeem, wannear kinne we no swimme" waard om ien oere al sein. Trije oere koene de bern yn it swimbad neidat se wol útsjoen wiene op de dambuorden en sjoelbakken. Sporters, it wie wer tige slagge? It SAC Bestjoer.