Betinking 4 maaie 2017

We betinke dit jier yn it bysûnder oarlochsslachtoffer Gerrit Rijpma (18) dy't by in razzia op Abbegeaster Ketting op 8 febrewaris 1945 it wetter op flechtte en dêrby deasjitten is. Gerrit is yn Blauhús begroeven.
Der wurdt in tentoanstelling ynrjochte fan dizze gebeurtenis yn kafee De Freonskip fan Blauhús mei as titel 'Graf te Blauwhuis'. De tentoanstelling mei foto's en ferhalen, is fan ein april oant en mei septimber frij tagonklik foar publyk. Efteryn de Blauhúster tsjerke wurdt in tinkplak ynrjochte wêr minsken in kears oanstekke kinne.

Blauhús
  • 18.30 oere: Untfangst famylje en publyk by de haven yn bouplan De Sylroede
  • 18.45 oere: Yn preamen fan Blauhús nei Abbegeaster Ketting

Abbegeaster Ketting

19.30 oere
  • Wolkom
  • Taspraak
  • Gedichten
  • Krânslizzing gemeente en Teatskehús
  • Earegroet en blomlizzing Feteranen
  • Blommen lizze troch famylje en skoalbern
  • Tuskentroch Koralen Fanfare Blauwhuis
19.58 oere
  • Last Post
  • 2 Minuten stil
  • Folkslieten
20.10 oere
  • Ferhaal ferteller
  • Koart toaniel
20.20 oere
  • Yn preamen werom nei Blauhús
  • Tentoanstelling yn kafee iepen