SAC blomkesaksje 1 maaie 2017

De SAC blomkesaksje is dit jier wat oars as oars!!

We ha dit jier middeis ferkeap fan 13.30 oant 16.30oere op de v/d Looswei 15 (fam. Dooper).
Eltsenien is dêr wolkom yn’e loads om blomkes te keapjen sadat je mear keus ha. At jo blomkes kocht ha wurde jo fan de list ôfstreept, sadat se jûns net mear bij jo oan’e doar komme.

Jûns fan 19 oere ôf is der noch wol ferkeap lâns de doarren foar de minsken dy’t middeis net del komme koene, mar op=op!

Dit jier ekstra is dat jo by keap fan de blomkes twa sinneblompitsjes krije. Probearje de sinneblom sa goed mooglik te fersoarchjen en win yn septimber de priis fan heechste sinneblom. Der binne 2 priizen; foar de jeugd (oant en mei 17 jier) en foar “âlderen” (18 jier en âlder). Alfêst in soad súkses!!

De opbringst fan dizze aksje giet nei de fuotbal- en foljebalferienings Blauhús. Oant sjen op 1 maaie!

It SAC-bestjoer sacblauwhuis@hotmail.com