Skûtsjesile is myn nocht!

Yn april hat it Blauhúster skûtsje al de earste wedstryd syld. Dit wie yn Langwar en, ek al wie dat oan it prille begjin fan dizze nije Blauhúster tradysje, it is poerbêst gien. Sneons waard der sa knap syld dat Blauhús yn de grutte finale meidwaan koe (tusken 'de grutte jonges', de winners fan de A klasse). Se giene as 4e fan start, mar waarden foar de wyn ynhelle troch de grutte skippen en sakken doe ôf, mei 4 skippen achter hun noch hieltyd hiel bêst. Sûnder averij en oare mankementen binne de wedstriden útsyld en dat wie seker sneons mei in stûve wyn in prestaasje, want ien skip gie om, der wiene twa flinke oanfaringen en der wiene noch wat skûtsjes dy't net iens fan start gien binne of de wedstryd net útsyld ha.
Blauhús eindige op in 5e plak (fan de 11) yn de eigen klasse. Al mei al in prachtige start fan it earste Blauhúster silen.
Op de site fan de Langwarder silerij kin de folsleine útslach fûn wurde: www.skutsjesilenlangwar.nl

Mei Himelfeart wurdt der wer wedstrydsyld, dan by de Lemmer, diskear dogge der ek SKS skûtsjes mei. De wedstriden fine plak op tongersdei, freed en sneon. Blauhús docht ek mei en heart by de B klasse.
We gean elke moarn om 10.30 fan start en de skûtsjes fan de B klasse farre dan mei in Fryske flagge ûnder de gaffel. Moai herkenber dus. Der sille deis twa of trije wedstriden syld wurde, dat hinget wat fan it waar ôf.
It liket dizze dagen prachtich moai simmerwaar te wurden, dus wy hope op in soad Blauhúster publyk op de wâl! Allegear tige wolkom! Mear ynformaasje oer dizze silerij kinne jo fine op:
Lemmer Ahoy: www.zevenwolden.nl


It skip mei jild...


Wy krije sa no en dan te hearren dat der noch minsken binne dy’t in donateursbryfke foar ús klear lizzen ha en dat men benijd is wannear’t dit ophelle wurdt...
No is it sa, dat wy ús net opdringe wolle en der dêrom foar keazen ha om net by de doarren lâns te gean. MAR... mocht it sa wêze dat jo ús wol stypje wolle en dat noch net witte litten ha, dan komme wy graach del om it formulier op te heljen of noch ien by jo te bringen.
Leit der by jo noch wat, bedoeld foar it skûtsje, of wolle jo wat ynfolle, ien seintsje oan in bemanningslid of bestjoerslid is genôch.freonskip@skutsjeblauhus.nl Mar fêst betanke!