Lemmer Ahoy

25, 26 en 27 maaie 2017

Trije dagen hat de ‘Freonskip’ op it wedstrydwetter by de Lemmer yn de B klasse fan Lemmer Ahoy syld. De earste deis stie der sa’n bytsje wyn dat de skippen wol de hiele dei op de Iselmar omdreaun ha, mar it úteinlik net ta wedstrydsilen kommen is.
De freeds wie der wat mear wyn en koe men de striid oangean. Foar Blauhús wie dat net sa súksesfol, spitigernôch bleau it skûtsje by de lêste skippen. Ek de wedstryd op de sneon smiet net hege punten op, mar wie, sjoen de omstannichheden, net poermin.
Skipper Hartman Witteveen wie beslist net tefreden mei it risseltaat yn it klassemint (in 21e plak yn in rige fan 24), mar wol bliid dat der gjin persoanlike ûngefallen west hiene, sa as oare skippen wol meimakken.

Der giene boppedat ek twa skûtsjes om en dat is nêst de skrik en it ûngemak net echt in kostenpost wêr’t we op sitte te wachtsjen. Foar in ploech begjinners meie we oan Sipke Westra (ús adviseur oan board) te fernimmen, net klage oer hoe’t it gien is.

Mear ynformaasje oer dizze silerij kinne jo fine op:
Lemmer Ahoy: www.zevenwolden.nl


De útslach stiet ek op ús Facebook pagina.







It skip mei jild...


Wy krije sa no en dan te hearren dat der noch minsken binne dy’t in donateursbryfke foar ús klear lizzen ha en dat men benijd is wannear’t dit ophelle wurdt...
No is it sa, dat wy ús net opdringe wolle en der dêrom foar keazen ha om net by de doarren lâns te gean. MAR... mocht it sa wêze dat jo ús wol stypje wolle en dat noch net witte litten ha, dan komme wy graach del om it formulier op te heljen of noch ien by jo te bringen.
Leit der by jo noch wat, bedoeld foar it skûtsje, of wolle jo wat ynfolle, ien seintsje oan in bemanningslid of bestjoerslid is genôch.freonskip@skutsjeblauhus.nl Mar fêst betanke!