EVA Fytsreiske 30 maaie 2017

Mei 16 froulju starte we om 13.00 oere fanôf it krúspunt yn Blauhús.
Fia Greonterp, it Syp-Set, it brekkenpaad en Nijhúzum bedarje we yn Warkum.
Oer de Hearewei nei de Slús en dan de Alde wei op. Oan ‘e ein links kom je op de Ursuladyk. Kofje en thee drinke dogge we oan dy Ursuladyk bij de gastfrije famylje Galama.
Troch Brânbuorren nei natoergebied it Skar en de Wolvetinte. Werom nei it doarpke en links ôf de Kooidyk op nei de oerstek. In borrel op it terras fan de âlde Herberch yn ‘e Gaastmer en ek foar in waarm miel kin we dêr terjochte. Oer it fytspaad nei Aldegea en sa oer Westhim werom nei Blauhús. In prachtige tocht fan goed 50 kilometer, in pittich wyntsje en net al te folle sinne. En wat is it gesellich om wer mei sa’n grutte ploech te fytsen.

Ut namme fan EVA Blauhús;
Holkje Draijer.