Afûk sútelaksje


Beste minsken fan Blauhús en omstreken,

Op snein 26 maaie is de Afûk sútelaksje (sjoch formulier dy't jo by de Boalserter krante of los krigen ha).
We ferkeapje fryske boeken en 25 % fan de opbringst giet nei it SAC (dus de fuotbal- en foljebalferiening).

We begjinne rûn 9.30 oere. Soene jo mei gepast jild betelje wolle? Er kin wol pint wurde, mar alinnich op lokaasje (Dykslân 14). Binne jo net thús, mar wolle je al in frysk boek ha? Dan meie jo de bestelbon ynfulle en ynleverje op G. Rypma strjitte 44 of opstjoere nei it adres op it formulier.

Graach oant sjen op 26 maaie, en foar de minsken dy't middeis mei de boere kuiertocht meidoche, súkses!!

Groetnis it SAC bestjoer
sacblauwhuis@hotmail.com

P.s. ha jo tiid om efkes te helpen mei súteljen, lit it ús witte...