EVA reiske op 16 maaie 2018


EVA reiske op 16 maaie 2018

Om 9 oere stiet de Gaasterland express klear om 32 froulju fanút Blauhús nei Joure te bringen.

De runfeartboat Simmerwille leit klear. Teagearre mei de 33 froulju fan KVG Heech gean we der in dei op út. De kofje en it gebak siet foar ús klear.

Fia Broek bij Joure bedarje we op de marren en de sleatten. Rjochting Langwar, oer de Koefert en fjirder nei de Lemmer. Even van board om te winkeljen, wat ek omraak dien is en dan gauw erom foar de lunch oan board.

De boat draait en we binne wer op weromreis. Yn plak fan it deistige knipperke nei ´t iten spylje de trekzak dames fleurige deuntsjes en in elts kin meisjonge.

Kofje, thee as in buorreltsje, alles is mooglik oan board. It waar is knap en je kinne sawol binnen as buten sitte.

Werom yn Joure rinne we nei de Orangerie foar in goed waarmmiel buffet. Om 20.30 stiet de Gaasterland express te wachtsjen op har passagiers en sjongendewei bedarje we wer yn Blauhús.

Mooi waar, gesellige minsken, wat wol je noch mear.

Ut namme fan de EVA, Holkje Draijer.

Fotoverslag