EVA fietsmiddei 6 juny 2018


Mar leafst 16 froulju stean om 13:00 oere klear foar de jierlikse fytsmiddei.

It waar liket mar best, Fryslân is op syn moaist en oan de fytsen, meast mei help, sil it net lizze.

We fytse nei Parregea en gean yn it doarp troch de tunnel de Parregeastermar yn. Oer allegear lânpaden komme we yn Skuzum wer't we bij de dyk op klauterje. In foarbijgonger wol best even in foto fan de froulju meitsje. We belânje bij de Vigilante yn Makkum foar in kop kofje en in lekker stik gebak. Foar in protte froulju is it al in skofke lyn dat hja op it strân west binne. It wurdt alle jierren mooier en grutter.

We fytse fjirder oer it fekânsjepark en troch it doarp sels. Dan it doarp út en stadichoan rjochting Exmoarre en Boalsert. Yn Boalsert fine we in gaadlik plak bij de ferboude Posthoorn. No "t Veerhuys".

In slukje en in goed miel iten, dat slagget mar goed. Rûn 20:30 fytse we oer Wolsum werom nei Blauhús.

Bestjoersleden Hennie en Marieke: Jim ha in prachtige tocht útsetten foar de leden fan EVA.

Ut namme fan 'e EVA Holkje Draijer

Fotoverslag