Libbjend guozeboerd

Tiisdeitejûn 12 juny wie it safier; libjend guozeboerd.

In soad frijwilligers op paad om Doarpsbelang Blauhús te helpen by it opsetten fan dit spul.

It spul gie fan start fanôf it skoalplein. De rûte rûn fan skoalle troch de Sinsmar, de Atsemar, Dykslân, en in stikje oer de van der Looswei. Oan de rûte wiene ferskate plakken wêr't in opdracht te dwaan wie. Yn groepkes fan twa as trije gongen de bern de rûte oer troch te goaien mei in dobbelstien. Underweis koene de groepkes in opdracht, beleaning of straf krije. Der wie in kippekoers (ûnder de fuoten troch hippe en sa snel moogelik nei de oare kant), in behendigheidsparkoers, pionsjedraaie mei in wiere drillinstructor en in kasjot. Hjir moasten je plaknimme op it strafbankje en mochten der net earder út as dat de puzel hielendal kompleet en kreas makke wie. Dêrnei koe de reis fierder.
Op it Dykslân siet in jager en yn it minste gefal, skeat dy de goes en koe it spul op nij begjinne (dit oerkaam Eline, Carmen en Lútsen).
De lêste opdracht foar de finisch wie mei de grutte parachute besykje de bal troch it midden te krijen en dêrnei fleagen de guozen oer de finish. De snelste tiid wie foar: Sieta en Ineke. Mette en Brecht Frankena fleagen 1 minuut letter oer de streep. Helaas wie de opkomst net sa grut, mar it wie in slagge jûn! Alle frijwilligers tige tank foar jim hulp. Sûnder jim hie it net kint!

Fotoverslag