Kulturele Kuiertocht


We rinne ûnder oare it paad dat pastoar Adam Petri yn 1651 ôflei, fan Hieslum nei it Polderhús mei blauwe dakpannen wêr hy in skûltsjerke yn stichtte, en it doarp Blauhûs ûntstie.
De rintocht giet ek troch de yn 1632 droechleine Sinsermar. En we fiere dat de hjoeddeiske Sint Vitustsjerke 150 jier lyn boud is.

Graach fóar 24 oktober digitaal oanmelde http://www.gerbenrypma.nl webshop €.7,00 pp

Programma sneon 27 oktober 2018

13:00 oere
Start by de Sint Vitustsjerke, Vitusdyk 27, Blauhús. In slach om de pastory, tsjerke en hôf lâns it grêf mei it dûbele krús fan Gerben Rypma

13:30 oere
Greonterp in slach om de toer

15:15 oere
Tsjerke fan Hieslum
Jan Pieter Dijkstra sil fertelle oer de ferbyntenis fan Hieslum mei Blauhús, de tiid fan pastoor Adam Petri. In muzikaal optreden fan Wiebe Kaspers (foto). Hy sil twa moaie lieten foar ús sjonge.

Pypskoft mei kofje, tee en wat derby.

16.00 oere
We gean wer op paad mei ûnderweis noch wat nijsgjirrige ferhalen. Jan Reus fertelt oer de tiid, de jierren 60, dat hy op de pleats "Marsain" wenne, midden yn it lân oan de Sinsmar. De pleats is yn 1966 sloopt.

17.00 oere
Noflik romsitte yn kafee "De Freonskip" Blauhús.

De tocht is krapoan 10 kilometer. We rinne meast oer wegen en paden mar ek troch inkele stikken lân.
Graach fóar 24 oktober digitaal oanmelde http://www.gerbenrypma.nl webshop €.7,00 pp.