Kleurwedstriid Monumentenwykein


Mei it Nasjonale Monuminten wykein yn septimber hat de Lokaasjeried fan de Sint Vitustsjerke kleurplaten útdield.

De Blauhúster jeugd hat hurd wurke, der is in grutte bulte fraaie kleurplaten ynlevere.

De sjuery hat út de grutte bulte kleurplaten twa winners keazen. Woansdei 7 novimber hat Berber Witteveen de prizen útrikt.

De 1e priis, in pot mei stiften, wie foar Annemar Westra (7), de twadde priis, kleurpotleaden mei puntsliper, foar Amarins Wybenga (5) en ta beslút in earfolle fermelding foar Ties Galama (2).

Lokaasjeried Sint Vitus Blauhús

Fotoverslag