EVA betinkt 150 jierich bestean fan de Vitustsjerke


As froulju ha we der op deze wize bij stilstien:

Om 19.00 oere in koarte fiering yn 'e Vitustsjerke. Elk hat syn eigen ljochtsje mei. We sitte net yn 'e banken mar mei ús allen yn in iepen sirkel op it priesterkoar. Drs Ciel Huitema is de foargonger en it tema fan de fiering is "wolkom yn 'e herberch. " We sjonge meienoar; frede op ierde en op wei nei krysttiid.

Dan op nei de smûke "Freonskip" foar kofje en kerststol. Ciel Huitema nimt ús mei troch de tiid.

Blauhús 150 jier: Frou en tsjerke en maatskippij. De wrâld fan 150 jier ferlyn oant no ta. Hoe seach it der doe út meinamme foar de frou.

Froulju koene fan te foaren materiaal fan eartiids oanleverje wat brûkt wurde yn RK Blauhús.

Eigen makke doopjurkjes, borduurstikken makke bij de susters fan it Theresiahuis, bibeltsjes, skoalboekjes, earste kommuny kadootsjes, Lourdus guod, doeken brûkt bij it betsjinjen fan siken.

Der is foar deze jûn in tentoanstelling fan makke.

De jûn wurdt ôfslúten mei in film oer Blauhús yn 'e 60er jierren.

Ut namme fan E(en)V(rouw)A(ctief) Blauhús, Holkje Draijer

Fotoverslag