It Protternêst op 'e nij sertifikaat twatalich wurkjen


Pjutte-opfang It Protternêst yn Blauhús wurket sûnt 2007 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Yn 2009 hawwe sy dêr in sertifikaat foar behelle. Om de trije jier wurdt op 'e nij besjoen oft der noch neffens de rjochtlinen fan it twatalich belied wurke wurdt. Yn Blauhús is dat yn oarder en it sertifikaat 'Boartsjendewei in taal derby' wer foar trije jier ferlinge.

It Protternêst en twatalichheid


Pjutte-opfang It Protternêst falt ûnder Stichting Kinderopvang Friesland (SKF). Dy stifting biedt ûnder oaren pjutte- en berne-opfang yn in grut part fan Fryslân. In grut oantal fan har lokaasjes wurket mei in twatalich belied.

De pjutte-opfang is fêstige yn it gebou fan Siesa. Sy diele de romte mei ûnder oaren de bûtenskoalske opfang. It twatalich belied wurdt as folget foarmjûn: pedagogysk meiwurksters Willy en Annemiek prate konsekwint Frysk mei elkenien. De fêste frijwillichsters dogge dat ek. It Nederlânsk hat plak yn it aktiviteite-oanbod, bygelyks troch it sjongen fan ferskes en it foarlêzen. Dêrnjonken wurdt der ek wurke mei de praatpoppen Puk en Tomke. Puk praat Nederlânsk mei de bern, Tomke fansels Frysk.

Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden, leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.

In pear kear per jier geane de pjutten op besite by de pakes en beppes yn Teatskehûs, wat yn sosjaal opsjoch, mar seker ek twa taalûntwikkeling in mearwearde hat foar de bern.

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by It Protternêst west te sjen. Der wurdt sjoen nei ûnder oaren it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. Oer de taalomjouwing skriuwt de kommisje ûnder oaren: 'De pedagogysk meiwurksters brûke de romte en it materiaal dúdlik om de taalûntjouwing fan de bern te fergrutsjen. Se biede in protte fariaasje yn it deiprogramma oan dat past by de bern. Se soargje dat de bern oefenje kinne mei harren taalfeardigens, sawol yn de groep as yndividueel.' En yn de einkonklúzje: 'Ik ha in geweldige moarn hân. Foaral de besite oan de paken en beppen wie prachtich. Ik ha in hiel betûft tiim oan it wurk sjoen. Myn kompliminten. Alle ûnderdielen binne poerbêst ynoarder.'

By it sertifisearringstrajekt krijt It Protternêst begelieding fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang. By it SFBO binne rom 250 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.